Yn “Op ‘e Skille” hat al in pear kear in berjochtsje stien oer ‘Frysktalige doarpssjoernalistyk’.
geplaatst op 25-11-2011De redaksjes fan ús doarpskranten en doarpswebsides waarden oproppen om harren Frysktalige stikken dy’t hja gaadlik fine foar dizze priisfraach, op te stjoeren nei de gemeente.
Wy wolle jimme mei dit brief der noch ris op wize dat de ‘deadline’ foar it opstjoeren fan stikken dy’t oan it kritearium ‘Frysktalige doarpssjoernalistyk’ foldogge hurd tichter by komt. It seit himsels dat it allinne giet om bydragen dy’t yn it jier 2011 yn jimme doarpskrante ferskynd binne of op jimme doarpswebside set binne.
In oar punt dat miskien noch efkes ferdúdlike wurde moat: it giet inkeld en allinnich om de doarpskrante/doarpswebside, en net om stikken dy’t bygelyks yn in blêd fan in sportferiening of de Spulwike publisearre binne.
Jimme kinne de bydragen (jimme meie uteraard mear as ien stik ynleverje) op syn lêst 1 desimber 2011 stjoere nei:
Gemeente Littenseradiel
foar Lys Scarse-de Jong
Postbus 1
8730 AA WOMMELS
of fia de mail nei l.scarse@littenseradiel.nl.
Op 2 jannewaris 2012, op de nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel, sil de priis foar de Frysktalige doarpssjoernalistyk bekend makke en útrikt wurde.
Mei freonlike groetnis,
Lys Scarse-de Jong
