Doarpsliet
Nederlân mei alf provinsjes,
is in stipke op 'e kaart,
ien provinsje dat is Fryslân,
der in doarpke yn dat is Hilaard
't Hat net folle te betsjutten,
sa besjoen yn wrald ferbân,
mar Hilaard, dit Hilaard
spant foar ús fierwei de kroan (2x)
Op nei 't Westen leit Hoptille
Jellum-Boksum op nei d' East,
't folk hat der grif ek wol wille
mar Hilaard seit ús fierwei it meast.
Fier sjocht hjir ús sealtek tuorke
ieuwen al de greiden oer,
ja Hilaard, dit Hilaard
is ús hillich, is ús djûr (2X)
Kleare kimen, romme loften,
simmerdei swart-bûnte kij,
winterdei de fûgelkloften,
ja it utsjoch is hjir altyd nij.
In ferkearsdyk brocht feroaring,
mei syn foar en mei syn tsjin,
mar Hilaard, dit Hilaard
is ús ein en ús begjin (2X)
Lit ús mei elkoar ûnthjitte
as Hilaarders jong en âld,
dat wy nea dit doarp ferjitte
wer 't wy binne op 'e greate wrâld;
ticht by honk elkoarren stypje
hwa te dragen hat in krús,
sa'n Hilaard, dit Hilaard
is myn honk, myn feilich thús (2X)
